Hindrik IV, Diel 2

Hindrik IV, Diel 2
algemiene gegevens
oarspr. titel Henry IV, Part 2
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1596-99
1e publikaasje 1600, Londen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Hindrik IV (2)
publikaasje 1965, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Hindrik IV, Diel 2, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry IV, Part 2 (folút eins: The Second Part of the History of Henry the Fourth), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Hindrik IV, Diel 2 foarmet it trêde part fan Shakespeare syn tetralogy (rige fan fjouwer stikken) oer de opienfolgjende regearperioaden fan 'e Ingelske kenings Richard II, Hindrik IV en Hindrik V. It stik beskriuwt de ôfrin fan 'e opstân fan 'e Percy-famylje tsjin it regear fan kening Hindrik IV en kroanprins "Hal" (Hindrik V) syn ûntjouwing ta kening. Histoarysk sjoen soe dat in snuorje fan mear as tsien jier, fan 1403 oant 1413 beslaan, mar yn it toanielstik liket it om in folle koartere perioade te gean; hoewol't Hindrik IV, Diel 2 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof. It stik is nei alle gedachten skreaun tusken 1596 en 1599, en it waard foar it earst útjûn yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search